Hannelingen fan Paulus en Tekla

Hannelingen fan Paulus en Tekla
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±160 n.Kr.

De Hannelingen fan Paulus en Tekla is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat yn 'e regel datearre wurdt om it jier 160 hinne. De ûntdekking fan in Koptyske ferzje fan 'e Hannelingen fan Paulus hat befêstige wat wittenskippers al fermoeden, nammentlik dat de Hannelingen fan Paulus en Tekla oarspronklik ûnderdiel útmakke hat fan dy tekst, wat ek it abrupte begjin fan de Hannelingen fan Paulus en Tekla ferklearret. Hoewol't de tekst troch de anonime skriuwer yn it ramt fan 'e kanonike Hannelingen fan de Apostels pleatst wurdt, wykt it op ideologysk mêd ôf fan it nijtestamintysk boadskip, benammen oangeande de rol fan froulju yn 'e tsjerke.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search